Sandor van der Heide wer fit

31 okt 2008 - 12:07
  • Sandor kin wer fuotbalje

De Snitser Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide is wer fit. Van der Heide hat twa wike blesseard west oan 'e hakke. De ôfrûne wike hat Van der Heide wer mei de seleksje meitraind. It is noch net wis oft hy freedtejûn tsjin Top Oss yn 'e basis begjint, mar hy sit by de seleksje.

Cambuur is dwaande mei in poerbêste searje. De Ljouwerters hawwe al fjouwer kear op rige wûn. De lêste kear dat dit presteard waard wie yn it jier 2001.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)