Sandor van der Heide ûnwennich

29 jun 2001 - 00:00

Foarige moanne waard bekend dat Cambuurspiler Sandor van der Heide oergean soe nei de Dútske fuotbalploech Mannheim. De middenfjilder is lykwols sa ûnwennich dat hy wer werom wol nei Nederlân.

Hy hat mar in wike meidien oan de trainingen. Woansdei die hy al net mear mei en siet er yn it krêfthonk. Neffens Dútske kranten sil de oanfallende middenfjilder no nei in Nederlânske klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)