Sandor van der Heide hâldt op

19 mrt 2012 - 10:10

Sandor van der Heide nimt nei 11 seizoenen ôfskie fan it betelle fuotbal. De Cambuur middenfjilder makket takom seizoen de oerstap nei ONS Boso Sneek. Van der Heide wurdt sawol spiler as assistint-trainer by de sneonshaadklasser. Fan 2002 oant 2007 fuotballe Van der Heide ek al by ONS. Yn 2006 wie hy de grutte man achter it kampioenskip yn de haadklasse fan de Snitsers.

"Ik ben er wel klaar mee. Ik wil lekker voetballen en genieten en dat kan bij ONS", sa seit Van der Heide.

Van der Heide bliuwt ek aktyf by SC Cambuur. Hy sil him dwaande hâlde mei it coachprojekt fan âld-fuotballer René van Rijswijk. Boppedat sil Van der Heide staazje rinne by Cambuur yn it ramt fan syn trainerskarriêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)