Sandor sjocht út nei twastriid

24 jan 2014 - 15:09
  • Sandor van der Heide yn petear mei ferslachjouwer Andor Faber

Foar Sandor van der Heide wurdt de Fryske twastriid tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean snein in bysûnder treffen. Van der Heide spile yn it ferline in pear jier yn de jeugd by Hearrenfean, mar waard dernei in echte Cambuur-man.

Van der Heide is op dit stuit assistint-trainer by de Ljouwerters, neidat er jierren foar dy klup spile. Neffens him wurdt der yn Ljouwert troch in soad fans nei de wedstriid útsjoen. De Cambuur-supporters ha it belang fan de oerwinning tsjin de rivaal út It Hearrenfean dan ek goed dúdlik makke by Van der Heide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)