Sanders yn kommisje lytse talen

24 sep 2004 - 15:19

Ald-Europarlemintariër Marieke Sanders fan 'e VVD is troch de Ried fan Europa beneamd as lid fan it Komitee fan Saakkundigen. Dit Komitee hifket om 'e trije jier hoe't de lidsteaten fan 'e Ried fan Europa omgeane mei de minderheidstalen en skriuwt dêr rapporten oer.

Marieke Sanders (VVD) folget har partijgenoat Gijs de Vries op, dy't tsjintwurdich Europeesk antiterrorisme koördinator is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)