Sander Dekker oan de slach mei oanbefellings moasje OSF

04 mrt 2016 - 14:00
  • Steatssiktaris Sander Dekker

De breeddroegen moasje fan Hendrik ten Hoeve fan de OSF-fraksje biedt goeie útgongspunten foar nije ôfspraken tusken it Ryk en de provinsje Fryslân oer de posysje fan Omrop Fryslân yn de nij te foarmjen RPO. Dat skriuwt steatssekretaris Sander Dekker yn in brief oan de Earste Keamer.

Dy brief sei er ôfrûne tiisdei ta, doe't bliken die dat de Earste Keamer noch net ynstimme wol mei de nije Mediawet. Neist lanlike saken wurdt yn dy Mediawet ek regele dat alle regionale omroppen tenei ûnder ien organisaasje komme te fallen.

Om de posysje fan de Fryske taal en kultuer, en dêrmei ek fan Omrop Fryslân, yn dy organisaasje te waarboargjen, frege Ten Hoeve om it ynstellen fan in advysried dy't opkomt foar de posysje fan it Frysk. Dekker seit yn syn brief ta yn oerlis mei de provinsje, de omrop en de RPO mei in regeling te kommen.

Sitaat brief

"Het lid van de OSF-fractie diende een motie in over extra waarborgen in verband met het belang van het Fries als tweede rijkstaal en, in het verlengde daarvan, de positie van Omrop Fryslân binnen het geheel van de RPO. De motie werd breed ondersteund door de fracties in uw Kamer. De waarborgen die in deze motie zijn opgesomd, vormen in mijn ogen goede contouren voor de nadere uitwerking van zowel het wetsvoorstel als de nieuwe bestuursafspraken tussen het Rijk en de provincie Fryslân. Vanwege de bijzondere positie van het Fries als tweede rijkstaal is het verder belangrijk dat er in het regiowetsvoorstel hiervoor extra waarborgen worden opgenomen. Ik zal in samenspraak met de RPO, Omrop Fryslân en de Provincie Fryslân tot een regeling komen en die vastleggen in de bestuursafspraak, zoals ook in de motie is verzocht."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)