Sânde plak foar Yldau by Liet

02 des 2012 - 07:57
  • It optreden fan de Fryske band Yldau op Liet International yn Gijón
  • Winner Liet International
  • Dûnsjende taalaktivisten yn Laboral Ciudad de la cultura

De Fryske band Yldau is op it sânde plak einige by Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar minderheidstalen. Liet Ynternasjonaal waard sneon hâlden yn Gijón yn Spanje. Fan de alve dielnimmers krige Lleuwen Steffan de measte punten fan de faksjuery. Steffan is berne yn Noard-Wales, mar ferhuze nei Bretagne en sjongt no yn it Bretonsk. De publykspriis gie nei de Asturiana Mining Company.

De bandleden fan Yldau sprekke fan in bysûndere ûnderfining en binne tefreden mei de útslach. Se mochten yn Spanje meidwaan omdat se dit jier Liet wûnen.

Liet International 2012 waard troch de Astueryske omrop live útstjoerd op tv, radio en ynternet. In part fan de besikers yn de folle teaterseal brûkten it evenemint om te easkjen dat de Astueryske taal offisjeel erkend wurdt.

De folsleine útslach fan Liet International 2012:
1. Lleuwen (Brettagne) – 87 punten
2. Dopu Cena (Corsica) – 86 punten
3. The Voodoolectric (East-Fryslân) – 76 punten
4. Asturiana Mining Company (Astuerië) – 66 punten (en de publykspriis)
5. Claudia Crabuzza & Claudio Gabriel Sanna (Katalaanske minderheid op Sardinië) – 64 punten
5. Brian Ó hEadhra (Skotlân) – 64 punten
7. Yldau (Fryslân) – 52 punten
8. Enkore (The Baskelân) – 41 punten
9. Ivan Belosludtsev & 4CP (Oedmoertië) – 35 punten
9. Inger Karoline Gaup (Sápmi) – 35 punten
11. Jonokognos (Friulië) – 32 punten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)