Sânde ferlies topklasser SWS

07 okt 2012 - 16:27
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso hat snein op eigen fjild mei 2-0 ferlern fan HBS. Yn de 17e minút kamen de gasten út Den Haach op 1-0. Op syk nei lykmakker krigen de Snitsers in pear knappe kânsen. Giro Batalla wie mei syn kopbal tichtby de 1-1 en ek Freerk de Jong wie gefaarlik.

Yn de twadde helte opnij in oanfallend Snits Wyt Swart, mei kânsen foar Cees Smaal en Freerk de Jong. Mei de twadde treffer fan HBS wie de wedstriid spile. De Snitsers ha no seis wedstriden op rige it net fan de tsjinstanner net trilje litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)