Sânde ferlies op rige foar FVC

26 okt 2014 - 15:54
  • FVC

De fuotballers fan FVC slaggen der snein wer net yn om de earste punten fan it seizoen te pakken. Yn Meppel ferlearen de Ljouwerters mei 2-0 fan Alcides. De ploech fan trainer Bert Hollander kaam krekt foar rêst op in 1-0 efterstân.

Yn de twadde helte wie it lang wachtsjen op treffers. Mei noch fiif minuten op de klok wie it op 'e nij Alcides dat trefseker wie en sa de wedstriid definityf yn it slot smiet.

FVC wachtet nei sân wedstriden noch altyd op de earste punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)