Sânde EK allround-titel foar Sven Kramer

11 jan 2015 - 16:07
  • It poadium fan de EK allround 2015

Sven Kramer is der snein yn it Russyske Tsjeljabinsk yn slagge syn sânde Europeeske allround-titel te pakken. Kramer wûn de ôfslutende 10 kilometer. Syn tiid fan 13.07.27 betsjutte in nij baanrekôr en wie goed genôch om de efterstân fan 11 sekonden op Koen Verweij yn te rinnen.

Verweij waard mei 13.21.90 fyfde op de 10 kilometer en einige as twadde yn it einklassemint. It brûns gong nei de Rus Denis Yuskov, dy't mei 13.21.16 fjirde waard op de 10 kilometer.

It sulver op de 10 kilometer wie foar de Noar Sverre Lunde Pedersen, dy't 13.16.27 klokte. It brûns gong nei de Belch Bart Swings mei syn tiid fan 13.21.06.

Mei syn sânde gouden medalje en ien kear sulver op it EK mei Kramer him no de meast súksesfolle reedrider neame. Hy passearret Rintje Ritsma, dy't seis kear goud, twa kear sulver en twa kear brûns pakte yn syn karriêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)