Sande dan jiu-jitsu foar Postema

14 jun 2006 - 17:21

Melle Postema fan Penjum hat ôfrûne wykein de sande dan yn it jiu-jitsu krigen. Yn Nieuwegein krige de hast 74-jierrige Postema dizze earepromoasje foar syn grutte fertsjinsten foar syn sport.

Postema is learaar en ek distriksbestjoerder fan it Judo Bûn. De sande dan is in earetitel dy't net faak berikt wurdt. Yn Nederlân binne der no trije fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)