Sân tips oer fermiste Cuperus

24 sep 2014 - 10:32
  • Sicco Cuperus is sûnt 7 juny fermist

Oer de fermiste maresjesee Sicco Cuperus binne sân tips binnenkaam. It televyzjeprogram Vermist hie tiisdei omtinken foar de saak. Ut de tips docht ûnder oare bliken dat de auto fan Cuperus earder sjoen is op it plak by Marrum dêr't de 36-jierrige Ljouwerter ferdwûn en wêr't syn lege auto werom fûn is.

De redaksje fan it teleyzjeprogramma sil de tips mei de famylje fierder útsykje. De mem fan Cuperus die in emosjonele oprop oan har soan om him te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)