Sân shetlânponnys frij op 'e kuier troch De Himrik

05 mrt 2016 - 16:41

By De Himrik rinne yn elts gefal sûnt freed sân shetlânponnys los om, yn de buert fan de Compagnonsfeart. De plysje fan Drachten freget op twitter wa't de bisten mist. In bewenner oan de Kompanjonsfeart seit tsjin Omrop Fryslân dat hy de bisten freedtemoarn betiid al rinnen seach. Hy wie op de fyts en koe de bisten keare en yn in stikje greide krije. Dêr stie lykwols gjin hikke foar. Wa't wit fan wa't de bisten binne, kin skilje mei de plysje op 0900 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)