Sân partijen foar Wâldwei

17 apr 2002 - 00:00

Sân partijen ha har oanmeld om mei te dwaan oan de ferdûbeling fan de Wâldwei. Rykswettersteat wol net sizze om watfoar bedriuwen it giet. Wol dat it meast kominaasjes fan ferskillende, ek bûtenlânske, bedriuwen binne.

Nei in earste seleksje yn juny bliuwe noch fjouwer partijen oer. It bedriuw betellet ek mei oan it ûnderhâld fan de kommende fyftjin jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)