Sân oanhâldings op Snitswike

10 aug 2011 - 11:55

De plysje hat op de fiifde dei fan de Snitswike sân minsken oanhâlden. In 21-jierrige Ljouwerter is oanhâlden nei't hy by in rúzje in oare man yn it wang biten hie.

In 23-jierrige man út Epe stuts in man mei in brutsen flesse bier. De oare oanhâldings wiene trije manlju dy't harren net identifisearren, in winkeldief en in Snitser dy't yn it sintrum kaam wylst hy in gebietsferbod hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)