Sân nije bussen Qbuzz mei wifi en airco

12 aug 2015 - 17:15

Fan heal augustus ôf ride der sân nije bussen tusken Drachten en Ljouwert. It binne bussen mei wifi en airco en se binne better foar it miljeu om't se op skjinne disel ride. De provinsje en ferfierder Qbuzz wolle mei de nije bussen it komfort foar de reizgers ferbetterje. De bussen wurde op 17 augustus yn gebrûk naam.

Dan begjint Qbuzz ek wer mei de yntinsive tsjinstregeling tusken Drachten en Ljouwert. Reizgers kinne yn de spits fiif kear hin en wer ride, wêrfan fjouwer kear mei in sneltsjinst. De reis duorret dan in dik healoere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)