Sân minsken rêden út it wetter

10 aug 2010 - 09:43

De blusboat fan Langwar hat yn de nacht fan moandei op tiisdei 7 minsken út it wetter fan de Langwarder Wielen helle. It boatsje dêr't de minsken yn sieten wie geskikt foar fjouwer persoanen en sonk. Ien fan de jongeren koe noch krekt syn mobile tillefoan boppe wetter hâlde en de helptsjinsten warskôgje.

Dûkploegen út Snits en It Hearrenfean waarden ynskeakele. De slachtoffers waarden gau fûn. Mei ambulânses binne se nei in kamping yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)