Sân miljoen werom út Yslân

27 jan 2009 - 17:01

Alle plande ynvestearrings mei Europeeske- en Rykssubsydzjes yn Fryslân kinne sûnder risiko trochsetten wurde. De stroppepot fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland is wer fold mei miljoenen euro´s út Yslân.

Yn totaal stie der tsien miljoen euro út de stroppepot op rekkens by Yslânske banken en dêrfan is no hast sân miljoen euro weromkaam nei de bankekrisis yn dat lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)