Sân miljoen tekoart foar mar

02 apr 2005 - 14:42

Der moat noch sân miljoen euro op it kleed komme foar in mar by Aldegea yn Smellingerlân. Dat seit wethâlder Kuipers. It folsleine projekt kostet 30 miljoen euro. It gat yn de begrutting komt omdat it projekt net yn oanmerking komt foar subsydzjes foar it Frysk Marreplan. Dan soe de mar yn 2008 klear wêze moatte en dat slagget net.

Smellingerlân wol de sân miljoen by elkoar krije troch de ferkeap fan sân- en feangrûn út it gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)