Sân liuwen nei Pantera

03 jan 2005 - 14:28

It opfangsintrum foar rôfdieren Pantera yn Nijeberkeap krijt der yn ien kear sân sirkusliuwen by. It giet om de bisten fan de Dútse dompteur Tom Dieck. Snein hiene sy har lêste optreden by it krystsirkus yn Ahoy yn Amsterdam.

De liuwen hawwe 18 jier lang yn it sirkus wurke en krije by Pantera har âlde dei-foarsjenning. Yn bisteparken is gjin romte foar de dieren. In oare opsje as Nijeberkeap is der ek net foar de pensioengerjochtige liuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)