Sân kilometer rioel oanpakt

03 jan 2006 - 16:21

Opsterlân ûndersiket oft it underhâlden fan it rioel yn de takomst noch wol troch de gemeente sels dien wurde moat. It behear en it ûnderhâld kostet hast 2 miljoen euro yn it jier.

De gemeente makke tiisdei it nije rioelearingsplan bekend. Dêryn stiet wat der de kommende fjouwer jier noch oan ûnderhâld dien wurde moat. Under oaren yn Oerterp, Lippenhûzen en De Gordyk wurdt it rioel oanpakt. It giet dan om sân kilometer buis yn totaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)