Sân jier sel ûntfierder Lusanne

16 jul 2004 - 11:37

It gerjochtshof yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei sân jier selstraf oplein oan de ûntfierder fan Lusanne van der Gun. Ek moat de 64-jierrige man in skeafergoeding fan 5000 euro betelje oan sawol Lusanne as har âlden.

Yn heger berop easke it Iepenbier Ministearje acht jier selstraf, yn plak fan fiif jier, tsjin de man. De man út Ryptsjerk twong de 11-jierrige Lusanne fan Aldeberkeap yn augustus ferline jier om mei him mei te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)