Sân jier sel foar man út Wier

20 jun 2002 - 00:00

In 43-jierrige man út Wier is troch de rjochter yn Ljouwert feroardiele ta sân jier sel en tbs mei twangferpleging. De straf is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje.

De man út Wier hat yn septimber ferline jier in 45-jierrige man út Minnertsgea deaslein om 't dy him misledige hie. De Wierster wie op dat stuit ûnder ynfloed fan alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)