Sân jier easke foar deaslach

06 jun 2002 - 00:00

De offisier fan Justysje hat tsjin in fertochte fan deaslach sân jier finzenis en TBS mei twangferpleging easke. Dat is in útsûnderlik hege eask.

De fertochte, in 43-jierrige man út Wier, hat yn septimber foarich jier yn Minnertsgea in man dea slein. Dat barde op in drankfeest. De fertochte ûntkent ferantwurdlik te wêzen foar de dea fan de man. De útspraak is oer 14 dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)