Sân iPads út fitrine stellen

14 nov 2013 - 15:55

De plysje siket twa manlju dy't fan 't wykein sân iPads stellen hawwe út in winkel oan de Foarstreek yn Ljouwert. De twa binne te sjen op bewakingsbylden fan de winkel. De tabletkompjûters leine yn in fitrine. Ien fan 'e fertochten die in greep yn de kast, wylst de oare him ôfskerme.

Op de site fan de plysje binne foto's fan de twa te sjen. De plysje hopet dat ien de beide dieven werkent.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)