Sân hûnen 'dumpt' by Dokkum

03 okt 2003 - 00:00

Yn 'e omkriten fan Dokkum binne sân Golden Retrievers dumpt. De hûnen rûnen los op 'e wei om. Net ien wit wa't de eigner is en wêr't se weikomme.

Lykas yn alle gefallen by losrinnende hûsdieren hat de plysje de skutstâlhâlder ynskeakele. Foar Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân is dat Harm Sliep. Hy hat de hûnen no yn de opfang. Hoewol't er dit wurk al 28 jier docht, hat er noch nea meimakke dat safolle hûnen tagelyk dumpt binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)