Sân Fryske Keamerleden

16 maaie 2002 - 00:00

Sân ynwenners fan Fryslân binne yn 'e nije Twadde Keamer keazen. Foar it CDA binne dat Joop Atsma fan Surhústerfean en Roland Kortenhorst fan 'e Jouwer. By de VVD jildt dat foar Annemarie Jorritsma en minister Loek Hermans.

Harm Wiersma fan Goutum en de Lemster Jan van Ruiten binne foar de LPF yn 'e keamer keazen. Troch foarkarstimmen kaam Tineke Huizinga (CU) dêr noch by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)