Sân Friezen beëdige yn 2e Keamer

30 jan 2003 - 00:00

Fryslân hat no sân fertsjintwurdigers yn de Twadde Keamer. Trije CDA'ers, trije foar de PvdA en ien foar de Christen Unie. Sy waarden allegearre tongersdei beëdige. Foar Piet Straub út Drachten, nijkommer by de PvdA, wie it de earste kear.

Foar de oare seis keamerleden is it allegear net nij mear. It giet dan om Kortenhorst, Atsma en Algra fan it CDA, Van Nieuwenhoven en Tichelaar fan de PvdA en Huizinga fan de CU.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)