Sân foar kust Warkumerwaard

17 nov 2010 - 12:57
  • De ûndertekening fan de oerienkomst. Links Ultsje Hosper fan it Fryske Gea

Foar de Warkumerwaard set ein dit jier in proef útein mei it stoarten fan sân foar de Iselmarkust. De bedoeling is dat golven yn kombinaasje mei lânoanwinningswurk der foar soarget dat de kust stadichoan ophege wurdt.

Dat is nedich fanwege plannen om it wetterpeil te ferheegjen. Oer dizze proef hat behearder it Fryske Gea woansdei in oerienkomst tekene mei Ecoshape. Dat is in konsortium fan ûndersyksynstituten, de oerhied en grutte baggerbedriuwen lykas Boskalis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)