Sân ferwûnen op Sudergowei

17 jul 2006 - 17:04

Sân minsken binne sneintemoarn ferwûne rekke by in ûngelok by Boalsert. In autobestjoerder út Langwar stuts de Sudergowei oer en waard oanriden troch in automobiliste út Boalsert dy't fan links kaam.

De frou út Boalsert en fjouwer ynsittenden rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs. Ek twa ynsittenden fan de oare auto rekken ferwûne. Sy hiene lichte ferwûnings en hoegden net nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)