Sân ferwûnen by Grou

28 jan 2004 - 00:00

By in ûngelok tusken Grou en Jirnsum binne sân minsken ferwûne rekke. In automobiliste út 'e rjochting fan Grou botste troch de glêdens frontaal op in tsjinlizzer. De frou en fiif bern rekke ferwûne. De oare automobilist rekke troch de klap mei syn auto yn 'e sleat mar koe troch in oare autorider rêden wurde. Ek hy rekke ferwûne.

Alle sân ferwûnen binne oerbrocht nei sikehuzen yn Ljouwert en op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)