Sân fan Vinkenoog nei Flylân

08 sep 2010 - 13:53
  • De kolleksje fan Simon Vinkenoog
  • Marc ter Ellen by de kolleksje fan de Noordwester

It ynformaasjesintrum op Flylân hat in kolleksje sân krigen fan Simon Vinkenoog. De skriuwer is ferline jier ferstoarn. Tiisdei stie der kunde fan de skriuwer by De Noordwester. De sânsamling fan it ynfosintrum is oait begûn mei in basisskoalleprojekt, mar no bestiet de kolleksje út sa'n 10.000 soarten sân.

It is ûndúdlik oft Vinkenoog sels it sân meinaam hat en oft er it brûkt hat foar in projekt. De Noordwester wol de grutste kolleksje fan de wrâld krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)