Sân drankriders pakt by grutte kontrôle yn Ljouwert

19 mrt 2016 - 07:20
  • Alkoholkontrôle

De plysje yn Ljouwert hat freedtenacht sân drankriders oanhâlden. Der waarden rûnom yn de stêd 100 bestjoerders kontrolearre. Under de drankriders wiene fjouwer brommerriders.

Twa fan harren moasten it rydbewiis ynleverje en binne oanmelden foar in kursus by it CBR oer de gefolgen fan alkohol yn it ferkear. Ien fan de brommerriders hie gjin rydbewiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)