Sân Dokkumers oppakt

25 feb 2009 - 10:20

De plysje is klear mei it ûndersyk nei twa ynbraken en tsientallen gefallen fan fytsestellerij yn Dokkum. Sân Dokkumers binne oanhâlden, it giet om seis manlju en ien frou fan tusken de 17 en 70 jier âld.

De plysje begûn mei it ûndersyk nei twa ynbraken. Yn de rin fan dat ûndersyk ûntduts de plysje dat in oantal fan de fertochten wat mei de fytsestellerij te krijen hie. Yn in perioade fan twa jier namen se tusken de tachtich en hûndert fytsen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)