Sân bussen mei Feanfans ûnderweis nei Cambuurstadion

31 jan 2016 - 12:20

By it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean steane om 12.00 oere de earste bussen klear om de Feanfans nei Ljouwert te bringen, foar de wedstriid tsjin Cambuur. De earste trije bussen gean om kertier foar ienen fuort. In healoere letter geane der nochris fjouwer op wei nei Ljouwert. Fans fan It Hearrenfean kinne allinnich mei in ferplichte buskomby nei de wedstriid ta. De wedstriid begjint om healwei trijen.

De lêste kear dat Hearrenfean en Cambuur inoar troffen, wie yn novimber, yn it Abe Lenstrastadion. Doe wûn SC Hearrenfean mei 2-0.

De lêste Cambuur-Hearrenfean yn it foarige seizoen waard 2-1. Omrop Fryslân docht sneintemiddei wiidweidich ferslach fan it duel yn Snein yn Fryslân, fan 13.00 oere ôf. Ek op omropfryslan.nl is de wedstriid te folgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)