Sa'n 80 tradisjonele skippen farre de Brandarisrace

17 okt 2015 - 10:43

Yn Harns is sneontemoarn de 22ste edysje fan de Brandarisrace begûn. De wedstryd tusken Harns en Skylge is allinne foar tradisjonele skippen lykas klippers, aken, skûtsjes en botters. De skippen farre allegearre yn har eigen klasse.

De wedstryd waard yn 1994 foar it earst organisearre, omdat doe de fjoertoer Brandaris op Skylge 400 jier âld wie. Mei elkoar dogge sa'n 80 skippen oan de wedstryd mei. De KNRM is stand-by foar assistinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)