Samsom noch op kampanje

13 nov 2013 - 16:03
  • Samsom op kampanje

Lanlike politike kopstikken as Rutte, Samsom en Van Haersma Buma fierden de lêste wiken manmachtich kampanje yn Fryslân. De gemeenteriedsferkiezings yn de trije gemeenten wurde sjoen as earste belangrike politike test foar it regearingsbelied. Ek op de ferkiezingsdei sels is Samsom fan de PvdA noch op paad om roazen út te dielen.

De partij stiet der yn 'e lanlike peilings min foar. It liket derop dat de PvdA der alles oan docht de skea by de Fryske ferkiezings beheind te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)