Sammelwurk '500 jaar Liwwadden'

13 nov 2003 - 00:00

Boargemaster De Boer fan Ljouwert hat tongersdei it earste eksimplaar fan it 18-dielige sammelwurk 'Waar blijft de tijd, 500 jaar Liwwadden' yn ûntfangst naam. Oardel jier lang sil der alle moannen in nij diel ferskine mei in tema út de skiednis fan Ljouwert.

Reade tried dêryn binne ûnder oare de kontrasten tusken ryk en earm en tusken Frysk en Liwwadders. It earste diel hat as tema 'Beelden van de stad' en is fan de hân fan Peter Karstkarel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)