Samling 'Firma van Wanten'

04 feb 2005 - 13:53

By boekhannel Van der Velde yn Ljouwert is in bysûndere samling te sjen. Der hingje sa'n 40 wanten dy't minsken op strjitte ferlern ha. Sjoernaliste Annelies van der Goot hat de iensume wanten fûn yn Ljouwert en út begrutsjen meinommen.

Se hat se, at it nedich wie, hersteld, wosken en strutsen en foarsjoen fan in label mei it fynplak en de datum. Wa't de oare, bypassende want bringt, mei de want út de samling wer meinimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)