Sámi TV en S4C nei Ljouwert

21 okt 2004 - 16:40

Sjongfestival Liet Ynternasjonaal krijt dit jier in soad omtinken fan 'e ynternasjonale media. De Sámi TV út Karasjokk yn Noarsk Laplân is mei in kamerateam ûnderweis nei Fryslân om Sámisjonger Niko Valkeapää te folgjen.

Ek Sianel Pedwar Cymru (S4C) út Wales stjoert in kamerateam nei Ljouwert. Se binne benijd hoe't sjongeres Elin Fflur it der fanôf bringe sil. Op Radio 3FM jout dj Giel Beelen nije wike alle dagen omtinken oan Liet Ynternasjonaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)