Samenscholingsverbod Ljouwert

12 maaie 2009 - 21:08
  • Op De Weaze jildt in ferbod om yn groepkes by elkoar te stean

Op twa plakken yn Ljouwert mei jongerein net mear yn groepkes byinoar komme. Boargemaster Crone hat foar de Weaze en it winkelsintrum Camminghaburen in 'samenscholingsverbod' ôfkundige.

Op de Weaze giet it om oerlêst troch hannel yn drugs en geweld. Yn Camminghaburen is sprake fan fandalisme, slaanderij en yntimidaasje troch jongelju. Ek boargemaster Kuiper hat jongerein op De Jouwer warskôge dat it ôfrûn wêze moat mei de oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)