SamenLoop voor Hoop yn Drachten smyt 86.000 euro op

27 sep 2015 - 11:52

De SamenLoop voor Hoop op de skeelerbaan fan sportpark De Fennen yn Drachten is sneon ôfsletten mei in opbringst fan goed 86.000 euro foar KWF kankerbestriding. De SamenLoop voor Hoop is in kuierestafette foar teams, dy't 24 oeren duorret, as symboal foar de lange striid tsjin kanker.

It jild giet nei ûndersyk tsjin kanker, foarljochting en de stipe fan pasjinten. Yn Drachten diene 41 teams mei, besteande út hast 1.000 rinners. Sy rûnen yn estafette 24 oeren lang rûntsjes op it sportpark. Se waarden sponsore troch famylje, freonen en kunde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)