Samenloop voor Hoop yn Dongeradiel smyt 44.000 euro op

17 okt 2015 - 14:35
  • Dielnimmers oan de SamenLoop voor Hoop yn Dokkum

De earste Samenloop voor Hoop yn Dongeradiel hat 44.000 euro opsmiten. Nei ôfrin fan de yn juny hâlden kuier yn Dokkum foar it KWF kankerfûns stie de teller op 41.000 euro. Mei bydragen fan de Damwâldrin en it team Nocht en Wille kaam de teller úteinlik op 44.000 euro. Mear as 800 dielnimmers kuieren op 12 en 13 juny yn estafettefoarm foar it goede doel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)