SamenLoop voor Hoop hat wer nije bank nei fernieling

07 apr 2015 - 10:15
  • De organisaasje fan de SamenLoop voor Hoop yn Dokkum by de pearse bank

De stichting SamenLoop voor Hoop yn Dongeradiel hat in nije pearse bank. De âlde bank waard begjin maart fernield en yn brân stutsen. De pearse bank wurdt benammen brûkt foar promoasje-aktiviteiten fan KWF Kankerbestrijding.

Nei in oprop hat ien fan de dieders fan de fernieling him melden. Hy hat de skea fergoede en yn gearwurking mei de organisaasje foar in nije bank soarge. Dy lit de bank no net mear samar ûnbeheard stean.

De SamenLoop voor Hoop is healwei juny. Dielnimmers rinne dan 24 oeren yn estafettefoarm troch it Hurddraverspark yn Dokkum om jild yn te sammeljen foar KWF Kankerbestrijding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)