Samenloop voor Hoop Frjentsjer smyt 65.000 euro op

27 jun 2015 - 17:39
  • De start fan de Samenloop voor Hoop yn Frjentsjer

De earste edysje fan de Samenloop voor Hoop yn Frjentsjer hat in bedrach fan 65.000 euro opsmiten. Dat waard sneontemiddei om 16.00 oere bekend makke troch de organisaasje. Foarsitter Gea Smits is ûnder de yndruk fan it grutte bedrach en is grutsk op alle dielnimmers dy't yn Frjentsjer meidien hawwe.

Freed waard om 16.00 oere úteinset. Dielnimmers wiene 24 oeren lang oan it kuierjen of hurdrinnen foar it goede doel. It jild giet nei KWF Kankerbestriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)