'Samen voor de Voedselbank' smyt lanlik 2,8 miljoen op

18 des 2015 - 22:50

De lanlike aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan de regionale omroppen hat dit jier hast 2,8 miljoen euro oan guod foar de voedselbanken opsmiten. By in oantal omroppen wurdt dit wykein noch ynsammele, it bedrach kin dêrom noch heger útfalle. Foarich jier waard der foar hast 2,5 miljoen ophelle, dat getal is yn elts gefal ferbrutsen.

Yn totaal dienen alve omroppen mei oan de aksje 'Samen voor de Voedselbank'. RTV Noord-Holland sammele yn totaal goed 800.000 euro oan guod, by RTV Noord waard foar rom 600.000 euro ophelle.

Freedtemiddei waard al bekend dat der by Omrop Fryslân 122.000 euro oan guod foar de voedselbanken binnen kaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)