Samaras yn 'e spits

12 feb 2005 - 12:37

SC Hearrenfean moat it sneontejûn yn de wedstriid tsjin Roda JC dwaan sûnder oanfaller Klaas Jan Huntelaar en ferdigener Marcel Seip. Beide spilers ha in blessuere. Ferfangers binne Georgios Samaras en Michel Breuer.

Yn Kerkrade steane by de Feansters Arek Radomski, Mika Väyrynen en Tomasz Rzasa wer yn de basis. Arnold Bruggink wurdt de oanfaller op'e linker kant. Hearrenfean hat nei 20 wedstriden trije punten mear as de Roda JC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)