Samaras skoart samar

01 mrt 2006 - 12:56

Ald-Hearrenfean-spits Georgios Samaras hat by syn debút yn it Grykse nasjonale alvetal gelyk skoard. Samaras startte yn de basis tsjin Wyt-Ruslân en skoarde nei 14 minuten. Dat wie genôch foar de winst yn it duel op Cyprus, dêr't de Griken meidiene oan in achtlannen-toernoai.

By syn nije klub Manchester City hie Samaras 109 minuten nedich om te skoaren. Dat wie yn syn tredde wedstryd tsjin Charlton Athletic.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)