Samaras dochs nei Manchester

30 jan 2006 - 09:34

Hearrenfean-spits Georgios Samaras giet dochs nei Manchester City. Sneontejûn binne Manchester City en Hearrenfean it iens wurden oer in transfersom fan 7,5 miljoen euro. De saak kaam yn beweging doe't de arbitraazjekommisje ôfrûne wike in oergong fan Samaras blokkearde.

Manchester City kaam doe mei in heger bod as 5 miljoen euro. Hearrenfean frege 10 miljoen euro. Samaras sil by Manchester City in kontrakt tekenje fan fjouwer en in heal jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)