'Samaras bliuwt by Hearrenfean'

26 jan 2006 - 16:03

Georgios Samaras makket it seisoen nei alle gedachten ôf by SC Hearrenfean. Woansdei behannele in kommisje de saak dy't troch de spiler oanspand wie. Samaras easke dat syn kontrakt ûntbûn waard, omdat er nei Ingelân woe.

De arbitraazjekommisje sei al foar de definitive útspraak dat syn kontrakt mei Hearrenfean wichtiger is as de kâns op sportive en finansjele ferbettering. De kâns op in transfer is neffens in bestjoerslid fan Hearrenfean no nihil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)